Neat sûnder dy
Juster wiest my sa reewillich
oer alle boegen joechst dysels.
Wylst oaren om dy hinne spoeken
socht ús seil dyn pûsters.
Brûsden wy om de boppeste boei,
bleaunen yn alle rakken de baas.
Ik fergeat it skuorren oan it helmhout
dûnse mei de skoateman op it achterdek.
Heech yn top wappere ús flagge
dy tútsjend yn ’e loft.
Wie dat net genôch?
Hjoed bist sa twirrich, litst my flaachjeheine.
Hearst it fiifminuteskot, ik lis folslein foar dea.
Do wabberest in eintsje fierder oer de mar.
Oaren krûpe dy op ’e side, slachst op my gjin acht.
De man mei it gewear stiet klear,
de strôte is my droech, ik trilje as in rusk.
Wy helje it lang ende lange net,
jou my no in aaier om ree te gean.
Ien sigentsje kin wûnders dwaan.
Marije Roorda
Onderstaand de andere creatieve en originele inzendingen die wij u niet willen onthouden.
In sport fol fan tradysje
Skûtsjesilen, in prachtig barren.
Mei âlde frachtskippen op ús fryske marren.
It stiit bol fan tradysje, soms net fan dizze tiid.
Mar dat is krekt de sjarme fan dizze striid.
Fjirtjin skippen farre as in boatsje sa hurd.
Mei mannen en bytiden froulje fan de opstekker oant it swurd.
De skipper en bemanning traine hast it hele jier.
Binne sawol yn ‘e winter as simmer mei it skûtsje yn’t spier.
Unyk, moai, it silen sit dizze minsken yn it hert en harren siel.
Se binne faaks freonen mar fleane elkoar under de wedstryd bytiden hast nei de kiel.
Se wolle winne, net foar de priizen mar foar de ear.
Dat besykje de skippers eltse kear.
At se no einigje op it earste of lêste plak.
D’r wurd eltse dei neipraat oer elts rak.
Mei de lotting yn Grou giet de striid wer oan.
En hat elts al wat spanning foar de oare moarn.
Dan los by it houtstek, de sleper d’r foar.
Begelied nei de Pikmar mei it korps en it koar.
De start op ‘e mar, nei de Ie en troch de nauwte fan de Tynje hinne.
Dêrt de taskôgers sjen kinne wa’t de fakminsken binne.
Op de Feenhoop fan de wâl mei “Frysk bloed sjoch op”
De skippen dy’t it túch gau omheech ha lizze dêr faaks foarop.
Sa fjirtjin dagen fan striid en wille, in Snits de leste dei.
En dan witte we wa’t him kampioen neame mei
It is dien it hat wer west.
In prachtige silery, mei hjir en dêr in protest.
Nei it silen, folchskippen te plak, materiaal fan it skûtsje wer in de durk.
Want de meast skippers moate dan wer oan it wurk.
In aktive fakansje fol leafde, tradysje en striid.
Folgjend jier d’r wer klear foar, noch in jier de tiid.
Margryt Zwaga
Sile
Een skûtsje zonder wind, in lang verleden tijden
Het trekzeel om de stramme lijven, een lading stront of turf!
Maar als de zeilen gingen bollen… dan begon er bij de schipper
wat te broeien, zijn genen spattend door zijn aderen in het lijf!!
‘Sile’ de schipper op zijn best… skerper, troch de wyn,
wat is der mei die fok? It brûs moat foar de kop, lit dat skûtsje sile!
Daar is de SKS geboren.
Tijden zijn veranderd, maar het skûtsje-silen is gebleven,
de bemanning nog steeds bezielend, en gedreven!
Sile verdorie!
Tom Meijer
Kykje
Swart-wyt leit it skûtsje hjir stil foar de wâl
Op it kykje, noch mar krekt yn ’e moade.
De boer, hy stiet klear, de stront yn ’e kroade
De kij yn it lân binn’ al net mear op stâl.
Foarop fjouwer famkes mei in strik yn it hier
Om har’n hals krânsen fan hynsteblommen.
De wyn aait de reiden mei swierrige plommen
It rom aansens fol, en ja, dan is’t safier.
De mar barstend’fol, hege seilen dy’t blinke:
Fjirtjin skûtsjes, oeral folk op ’e kant.
Mannen skuorre oan skoaten, litte flokwurden klinke
Skippers hingje oan ’t roer, skerp, beret, ymposant.
Ús pake, hy glimket: wat soe er no tinke
As er ’t sjen koe, of gong dit him te mâl?
Stoffel Zandstra
De Kleau
Altemets binne wy te let berne
En misse wy it gelok yn e lytse analoge saken
dy’t wy werom fyne yn e reitkragen en de wyn
as wieden sy fan in eardere wrâld, betiider en jong
wer’t it gie om wiere dingen.
Allyk us heiten
Sa’t us pakes
En alle lju ea oer de weagen sile
Jeuchlik en unbedreaun sette wy of
De tane fluessen
dy’t us de tearen fan it tiidsbarren yn e foarholle jaan
Litten de minsken sizze
Doe
Marinthe de Hek
In dream
Oer de mar
stoot it skûtsje as it libben fan in dream
steefêst oan de romste wyn troch it wiete
stof, it is perfoarst gjin leagen, want sels
al naait it der út as âld smoar, fûl as in kat
skuort er oeral troch, sile sil er, mei it mes
yn it dek oer de heechste weagen, de brede
fok oan it lêst ta foar, skerp as in snile.
Wobbe Atsma
Skûtsjesilerssankje
1
De steven snijt skerp troch ’t skom,
mei swurden yn balâns.
It skip op koers dus sjoch net om,
de tsjinstân hat gjin kâns.
2
It waar is moai de loft sa blau,
in koelstje jout ús gong.
Fryslân yn toai dat kom mar gau
en sjong mei hert en long:
Refrein
Mei de seilen fier yn top,
in fokje der op ta.
Jou ik de hiele float hjoed klop,
dy priis sille wy ha!
3
Op skippen it sij âld of nij,
in bemanning mei gâns nocht.
De Omrop hâldt ús deis derby,
mei nijs en waarberjocht.
4
Dan brûst it troch it Fryske bloed,
wat giet it derom wei.
Altyd is’t my bliid te moed
op skûtsjesilersdei.
Refrein
5
Aanst is ’t safier de mar wer leech,
dan is it winterrêst.
Mar hysje ik de faantsjes heech
dan dream ik opperbêst.
6
Ik stean as skipper oan it roer
en flean lâns rak nei rak.
De wite pet dy stiet my stoer,
ik bin op myn gemak.
Refrein
7
Wekker klomje ik op ’e wâl
mei kiker en iterij
it is hjoed feest en it giet mâl
by de skutsjesilerij.
8
It kin net oars of ik bin dêr
by grien en brún en wyt
takom jier dan bin ik der wer
de tiid giet dat it slyt.
Refrein
Tryntsje van der Veer